Rykswettersteat wurket kommende wiken oan de dyk op de A6

12 apr 2016 - 20:43

Rykswettersteat begjint freed mei ûnderhâldswurksumheden oan de A6 by Sint-Nyk yn de rjochting fan De Jouwer. It wurk wurdt dien tusken seis oere jûns en sân oere moarns. Der is dan minimaal ien rydstrook beskikber foar it ferkear.

Nije wike wurdt ek de ôfrit nei Sint-Nyk ôfsletten tusken healwei seizen jûns en sân oere moarns. It giet om gewoan ûnderhâld oan de dyk, lykas asfaltearring, markearring, ûnderhâld fan de fangrail en fan de buorden. As alles goed giet, is it wurk op 2 maaie klear.

Yn dit skoft jildt der in maksimumsnelheid fan 70 kilometer yn de oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)