"Grûn by Toppenhuzen sakket folle mear by gaswinning"

12 apr 2016 - 19:34

De gaswinning yn Toppenhuzen hat mooglik folle gruttere gefolgen as oant no ta tocht waard. Derfoar warskôgje de gemeente Súdwest-Fryslân, it Wetterskip en de provinsje Fryslân.

Ut nijer ûndersyk nei de boarringsplannen yn it doarp troch yngenieur Adriaan Houtenbos docht bliken dat de grûn wolris tusken de fjouwer en de 5,5 sintimeter sakje kin. It ûndersyk is dien yn opdracht fan de gemeente en de provinsje. Dêryn stiet ek dat der in risiko op ierdbevings is.

Gaswinbedriuw Vermilion giet út fan in maksimale boaiemdelgong fan mar twa sintimeter, mar neffens dit nijere ûndersyk kloppet dat dus net. Neffens Houtenbos is ek it gebiet dat troffen wurdt troch de boaiemdelgong folle grutter as dat Vermilion seit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)