Pleatslik Belang Skylge striidt yn rjochtbank tsjin gemeente

It gemeentehûs fan Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De politike partij Pleatslik Belang fan Skylge wie tiisdei teloarsteld oer de gong fan saken foar de bestjoersrjochter yn Ljouwert De partij wol fia de rjochter ynsjoch ôftwinge yn stikken fan it kolleezje. It giet ûnder oaren oer it ûntslach fan in kloklieder.
Mei in WOB-fersyk besocht Pleatslik Belang al earder ynsjoch te krijen, mar de gemeente wegere oant no ta tagong ta de ynformaasje. Advokaten fan it kolleezje leveren de stikken wol ôf by de rjochter, dy't no oardiele moat oft it ferbod terjochte is.
Mar de rjochter frege har ôf oft it oardiel hjiroer wol fan in bestjoersrjochter komme moat. In útspraak folget binnen seis wiken.