Klaske Sikkes fan VC Snits selektearre foar Nederlânsk team

12 apr 2016 - 17:37
  • Froulju VC Snits

Follybalster Klaske Sikkes fan follybalklup Snits is troch bûnscoach Giovanni Guidetti opnommen yn de seleksje fan it Nederlânske frouljusteam, dat heal maaie yn Japan stride sil foar in ticket foar de Olympyske Spelen.

De Fryske midspylster is ien fan de tweintich spylsters dy't oproppen binne, úteinlik nimt de bûnscoach fjirtjin spylsters mei nei Japan. Op it Olymypske kwalifikaasjetoernoai stride acht teams om fjouwer tickets.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)