Plysje hat fjouwer kalasjnikovs fûn by ynfal yn Doanjum

12 apr 2016 - 16:53

De wapens dy't de plysje freed fûn hat yn trije huzen yn Doanjum wiene fjouwer kalasjnikovs, in riotgun en in presyzjefjoerwapen mei in telelins. De fjouwer minsken dy't oppakt binne, wurde derfan fertocht dat se al langere tiid yn wapens hannelen.

De plysje kaam de twa manlju en twa froulju op it spoar nei in ûndersyk nei yllegaal fjoerwapenbesit troch in groep Antillianen yn Ljouwert. By dy groep waarden doedestiids ek fjoerwapens fûn. By de ynfallen fan freed waarden njonken de fjoerwapens ek drugs yn beslach naam.

Trije fan de fjouwer fertochten bliuwe fêstsitten. In frou fan 54 is frijlitten.

Trefwurden: 
ynfal Doanjum wapens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)