Keur nimt ôfskied as presidint rjochtbank Noard-Nederlân

12 apr 2016 - 16:43
  • Daan Keur, rjochtbankpresidint Ljouwert

Daan Keur nimt op 1 augustus ôfskied as presidint fan de rjochtbank Noard-Nederlân. Hy hat dizze funksje hast fjouwer jier hân. Keur wurdt dit jier 65 en wol him oant syn pensjoen rjochtsje op syn oarspronklike baan: dy fan rjochter.

Keur begûn yn 1986 as rjochter yn oplieding by de Ljouwerter rjochtbank. Tweintich jier letter stapte er oer nei it gerjochtshôf fan Ljouwert. Dêr waard er yn 2008 presidint. Sûnt 2012 is er presidint fan de rjochtbank Noard-Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)