Man drinkt alkohol op it Saailân en kriget sintrumferbod

12 apr 2016 - 14:57

In 22-jierrige Ljouwerter is moandei op it Saailân oanhâlden foar it drinken fan alkohol op strjitte. Boppedat wie de man hiel ferfelend nei it publyk ta. Hy krige in bekeuring en in sintrumferbod.

Doe't de plysjes de man koart dêrnei dochs wer rinnen seagen, is hy oanhâlden. Hy moat op 10 juny foar de rjochter ferskine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)