Gemeente Súdwest-Fryslân negearret lilkens Wytmarsum oer azc

It kolleezje fan de gemeente Súdwest-Fryslân bliuwt by it beslút foar de opfang fan 200 asylsikers yn it eardere kleaster yn Wytmarsum. Dat waard tiisdeitemiddei bekend by in parsekonferinsje fan de gemeente yn Snits. It azc wurdt in nevenfêstiging fan it sintrum yn Snits, dêrtroch kinne der yn it doarp 200 asylsikers ûnderbrocht wurde.
Fan de 200 minsken dy't yn Wytmarsum komme, wurde der 120 ûnderbrocht yn it kleaster. De oare 80 asylsikers komme yn tydlike wenunits oan de efterkant fan it gebou.
As de gemeenteried akkoart giet mei de plannen fan it kolleezje, dan soe de ferwachte iepening fan it sintrum oan de ein fan dit jier wêze moatte.