Nij boek moat skoalbern ynteressearje foar it Waadgebiet

12 apr 2016 - 13:46

Op iepenbiere basisskoalle 't Wad yn Harns is tiisdeitemoarn in boek presintearre oer de natuer op it Waad. It boek, Uitblinkerz, is skreaun troch biolooch Thomas Leerink. Hy is ek gids op it Waad. De haadpersoan yn it boek is Thijs, dy't op ûndersyk útgiet yn it Waadgebiet en dêr in soad fan leart.

It boek is mooglik makke mei stipe fan ûnder oare de Waadferiening. Dy wol it brûke foar in nij edukatyf projekt dat brûkt wurde kin troch skoallen yn hiel Nederlân. Dat nije programma is nei alle gedachten takom jier klear.

Trefwurden: 
boek 't Wad Harns Uitblinkerz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)