CDA is kritysk oer plannen foar sinnepark Bûtenpost

© ANP
De CDA-fraksje yn Achtkarspelen is kritysk oer de plannen foar in nij sinnepark by Bûtenpost. Neffens de fraksje kostet de oanlis fan it park 10 miljoen euro, wylst de greide elk jier 35.000 euro oan stroom opsmyt. Derneist moat de gemeente mear har bêst dwaan om foar draachflak ûnder de omwenners te soargjen om sa beswieren foar te kommen.
Benammen de plannen om by it park in landmark oan te lizzen passe neffens it CDA net yn it lânskip. Derneist wol de fraksje witte wat de gefolgen binne fan de archeologyske fynsten op it plak dêr't it sinnepark komme moat.