NK fjildriden foar jeugd komt takom jier nei Appelskea

12 apr 2016 - 11:36

Appelskea is yn jannewaris 2017 it dekôr fan it Nederlânsk kampioenskip fjildriden foar de jeugd. De organisaasje is al in tal jierren dwaande om it fjildriden en it mountainbiken te befoarderjen. Troch de goede gearwurking mei Steatsboskbehear ha se in prachtich stik fan it Drents-Friese Wold ta har beskikking.

Nei de organisaasje fan in wedstriid yn desimber hat de KNWU no besletten om de organisaasje fan it jeugd NK oan Appelskea ta te wizen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)