Kollum: ''Vö Vö Vö''

12 apr 2016 - 08:34

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

''Earlik sein tocht ik earst dat it in geintsje wie. It stie op Facebook, en krekt as yn it echte libben moat je net alles leauwe wat dêr allegearre foarbykomt. Call a random Swede, stie der: belje ien út Sweden, likefolle wa. Nei wat speurwurk bliek it om in inisjatyf fan it Sweedske buro foar toerisme te gean, it Vö Vö Vö, dus. De baas dêrfan, Magnus Ling, leit de bysûndere aksje sa út: ‘Yn drege tiden besykje lannen de kommunikaasje tusken minsken safolle mooglik te beheinen, mar wy wolle no krekt it tsjinoerstelde dwaan. Wy ha der foar soarge dat Sweden it earste lân is mei in eigen telefoannûmer. Op dy wize jouwe wy de ynwenners fan Sweden de kâns om harsels te uterjen en harren miening mei oaren te dielen.’

Hartstikke moai. En it giet him net allinne om it fersterkjen fan it toerisme. Want mei help fan it telefoannûmer wol it lân der ek foar soargje dat harren ynwenners krekt wat minder iensum binne. Adoptearje in tryste Sweed, mei oare wurden. No soe ik jim tsjinner net wêze as ik soks net besykje soe, dat op in middei draaide ik it spesjale nûmer en gie ik noflik efteroer yn de stoel lizzen.

It duorre even, mar doe’t der opnaam waard hie ik kontakt mei Tine. Mei-ienens waard in klisjee –alle Sweden binne rêstich, der komt amper in wurd út- ta de grûn ta ôfbrutsen. Tine wie sa praatsk as in Pierre Wind dy’t speed hân hat. Ik moat der fuortendaliks by sizze dat Tine út Finlân kaam. Ha je dat wer, belje jo in willekeurige Sweed, blykt it in Fin te wêzen. Hawar, se wie op fiifjierrige leeftyd al nei Sweden ta ferhuze, dat se wie Sweedsk genôch, ek al wie har memmetaal it Finsk. Se ûnderstreke fuort dat de Sweden meartalich binne. As se in jier of sân binne krije se Ingelsk op skoalle, mei in jier of tolve komme der oare talen by, wêrby’t se ek kieze kinne út bygelyks Sjineesk of Arabysk. Allahö Akbör. Nee, geintsje.

Tine wenne en wurke yn Stockholm, en doe’t ik belle rûn se krekt oer ien fan de safolle brêgen fan dy stêd. Se sei dat Stockholm in wetterstêd wie. En rûnom koene je dêr yn swimme, it wie allegearre skjin. Oars as hjir, sei ik, as men hjir yn in stêd it wetter yndûke, krije jo safolle smoargens binnen dat je dêrnei wol in meter fan de pot ôfstean moatte fanwegen.. No ja. Jimme hearre it, it wie in noflik petear. Wy ha it oer it lân sels hân, de rêst, de romte, it klimaat. Mar ek oer de polityk, oer films en boeken. Sels hâlde se fan Johan Theorin, dy’t syn boeken benammen op Öland spylje lit, en de grizelige kant neist binne. ‘Dêr bin ik sljocht op,’ sei se. ‘Mar it moat wol realistysk wêze. As ik bûtendoar kom, moat it my ek oerkomme kinne.’

En dat typearret Sweden wol foar my: in bytsje frjemd, mar wol lekker. Bliuwt my noch ien ding wat dy aksje oangiet: And the twelve points go to… Sweden!''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)