FIDEO: Jopie Huisman yn fersoargingstehûs

11 apr 2016 - 22:41

De skilderijen fan Jopie Huisman binne de kommende wiken te sjen yn ferskate Fryske fersoargingshuzen. It inisjatyf komt fan teatermakker Kees Botman. Hy giet by ferskate soarchsintra del om âlderein ûnder te dompeljen yn de wrâld fan de skilder Jopie Huisman. Botman fynt dat der op it stuit fierstente folle besunige wurdt op ferdivedaasje yn fersoargingstehuzen.

De âlderen krije net allinnich ferhalen oer de skilder te hearen, mar se ite ek it miel dat Jopie it leafste hie, en se krije in workshop skilderjen as Jopie. De moaiste skilderijen ha fan 22 april ôf in plakje yn it Jopie Huisman Museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)