Jong SC Hearrenfean behâldt kopposysje yn kampioenspûl

11 apr 2016 - 21:22

Jong SC Hearrenfean hat moandeitejûn op Sportpark Varkenoord yn Rotterdam net winne kind fan de beloften fan Feyenoord. It waard 1-1. Der waard pas healwei de twadde helte skoard.

Jong Feyenoord krige yn de 70e minút in strafskop nei in oertrêding fan Willem Huizing op Renato Tapia. Jari Schuurman naam de penalty en skeat de 1-0 binnen. Fiif minuten foar it einsinjaal skoarde Michel Vlap de fertsjinne 1-1. 

Jong Hearrenfean wûn foarige wike thús fan Feyenoord en kaam dêrmei boppe-oan te stean yn de kampioenspûl. Troch it lykspul behâldt Hearrenfean it earste plak.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)