Fjouwerentachtich fytsers op de bon yn fuotgongersgebiet

It Naauw yn Ljouwert is ien fan de fuotgongersgebieten © Google Maps
De plysje yn Ljouwert hat de ôfrûne twa wiken 84 fytsers in boete jûn, om't se yn in fuotgongersgebiet fytsten. Oant no ta dielden plysjes allinnich warskôgingen út. Dêr binne se no mei opholden.
Fytsers en brommers yn de fuotgongersgebieten binne ien fan de grutste ergernissen yn de Ljouwerter binnenstêd. Winkeljend publyk en ûndernimmers kleie hjiroer.
De boete is 95 euro, eksklusyf administraasjekosten. De ûndernimmers hawwe leaver dat minsken dat jild yn de winkels útjouwe.