Tal griene boargerinisjativen yn Ljouwert groeit as koal

11 apr 2016 - 18:57

Oer fjouwer jier moat Ljouwert eins 20% lokaal produseare kinne fan alles wat der oan griente, fruit, nuten, fleis en fisk nedich is. En dat ek noch duorsum. Dat is alteast ien fan de ambisjeuze doelstellingen út it beliedsplan Grien 2016 dat de ried fan Ljouwert moandei op de wurklist hat.

Wethâlder Van der Molen praat leaver fan in stip op de hoarizon yn stee fan in konkreet doel. Mar dúdlik is wol dat it libbet.

It tal lokale griene inisjativen yn de gemeente groeide de lêste jierren fan 8 nei 80. Uteinlike doel is om minsken bewust te meitsjen fan wat se ite en hoe en wêr't dat groeit. Mar ek om foar te kommen dat der tefolle mei iten sleept wurde moat om it by de konsumint te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)