Kommende freed earste heale finale Kleine Prijs van Fryslân

Heartgrown
Seis bands spylje kommende freed yn Snits de heale finale fan de Kleine Prijs van Fryslân fan Friesland Pop. Poets & Addicts, Smiley Virus, Art of Pain, Sanctuary, O Kutjes en Pendants nimme it yn it Bolwurk tsjin mekoar op.
Op 22 april is de twadde heale finale yn Drachten, mei ûnder oaren Feral Tides, Dat Schilt en The Blue. Dit jier is de 30-ste edysje fan de Kleine Prijs. Eardere winners binne ûnder oare Abdomen, The Homesick en Yellow House.