Talintesintrum moat minsken út bystân oan wurk helpe

Minsken dy't yn de bystân sitte wer oan it wurk krije, dat is it doel fan it Talent Centrum Fryslân yn Ljouwert. Moandei iepene it sintrum offisjeel de doarren. Hjir krije minsken dy't wurk sykje de kâns harren te ûntwikkeljen. Dat moat de kâns op in baan grutter meitsje.
Sa kinne minsken oan harren CV wurkje of koarte kursussen en opliedings folgje. Mar it is ek goed foar de sosjale kontakten, seit wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert.
De gemeente sjocht it talintesintrum as in goede kâns om minsken dy't no noch thús sitte, oan in baan of frijwilligerswurk te helpen.