Skiedsrjochtersteam Benfica-Bayern mei Zeinstra en Diks

11 apr 2016 - 12:22

Erwin Zeinstra fan Dronryp en Mario Diks út Ljouwert meitsje woansdeitejûn diel út fan it skiedsrjochtersteam yn de Champions League-wedstriid fan Benfica tsjin Bayern München. Zeinstra is assistint en Diks is de fjirde man. Björn Kuipers is de skiedsrjochter.

It giet om de return yn de kwartfinale fan de Champions League. De earste wedstriid einige yn in 1-0 oerwinning foar Bayern München.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)