Wynpark Fryslân hellet sân miljoen euro binnen

11 apr 2016 - 10:28

De inisjatyfnimmers fan it Wynpark Fryslân dat yn de Iselmar komme moat, krije in liening fan 7 miljoen euro fan it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy. It jild is bedoeld foar de kosten fan it ûntwikkeljen fan it wynpark. Neffens de direksje past it wynpark goed by de doelstellings fan it Fûns.

Dat is troch de provinsje oprjochte om projekten op it mêd fan duorsume enerzjy te stypjen. Neffens it Fûns binne de inisjatyfnimmers fan it wynpark al tweintich jier mei sukses dwaande mei it opwekken fan wynenerzjy.

It liende jild wurdt werom betelle sadra't yn 2019 mei de bou fan it wynpark begûn wurdt en belizzers lykas banken en pensjoenfûnsen de finansiering oernimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)