Hurdfytser Lieuwe Westra hellet einstreek Parys-Roubaix

10 apr 2016 - 21:22

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje hat snein foar it earst yn syn karriêre de klassiker Parys-Roubaix útriden. De koereur fan de Astana-ploech waard 113e yn in grutte groep op 18 minuten en 30 tellen.

Westra sei sneon by Omrop Fryslân dat hy graach de einstreek yn Roubaix helje woe. De twa kear dat er earder meidien hat, slagge dat troch ferskate falpartijen net. Westra soe snein de hiele dei yn tsjinst ride fan syn kopman Lars Boom, mar dat plan foel al gau yn it wetter.

Boom wie yn de nacht fan sneon op snein koartsich wurden en stapte healwei de koers út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)