Waadrinne oan wâl yn Holwerter belibbingssintrum

10 apr 2016 - 21:12

Waadrinne oan wâl dat kin tenei yn waadbelibbingssintrum De Noordhoren yn Holwert. Frijwilligers hawwe it eardere reformearre tsjerkje fan it doarp omboud ta in miny-museum. Mei ûnder oare in gigantysk see-akwarium, mear as fjirtich opsette dieren út it waadgebiet en in miny-bioskoop dêr't films oer it Waad draaie. Doel is de natuer tichteby de minsken te bringen. It sintrum is tenei iepene op woansdei- en freedtemiddei en yn it wykein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)