Basketballers Aris yn slotsekonden ûnderút tsjin Rotterdam

10 apr 2016 - 18:08

De basketballers fan Aris ha snein ferlern fan Rotterdam mei 80-81. Trije tellen foar de ein stienen de Ljouwerters noch twa punten foar, mar troch in trije-punter pakten de gasten dochs noch de folle winst. Aris stie by it skoft achter mei 39-43, mar nei it tredde kwart waard dat knap ombûgd nei in foarsprong fan seis punten: 64-58. Flak foar tiid gie it lykwols mis.

In djoer ferlies, want Aris sakket no nei it sânde plak. De boppeste seis teams spylje straks yn de play-offs om de lânstitel.

Stân

5. Amsterdam 26-20
6. Rotterdam 27-18
7. Aris 26-16
8. Weert 26-6

By in likense stân op de ranglist telt it ûnderlinge resultaat. Dat is yn it foardiel fan Rotterdam. Dy ploech spilet noch ien wedstriid út by koprinner Zwolle. Aris moat earst noch thús tsjin Weert en dêrnei noch út by Zwolle. Mocht Aris noch twa kear winne en Rotterdam ferlieze, dan pleatst Aris him dochs noch foar de play-offs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)