Blokkade op dyk nei útwreiding azc yn Burgum opheft

10 apr 2016 - 14:52

De blokkade op de dyk nei de tydlike útwreiding fan it azc yn Burgum is opheft. Freed waard yn opdracht fan in oantal ûndernimmers fan yndustryterrein Burgum-west in kontener dwersoer pleatst op de Hannelswei, omdat se it net iens binne mei hoe't de gemeente Tytsjerksteradiel dy útwreiding oanpakt.

Der komt no neffens wurdfierder Michel van Kammen fan de ûndernimmers binnen twa wiken in petear tusken alle ûndernimmers en de gemeente. De ûndernimmers kinne de útwreiding net mear keare. Dêr is al in beslút oer naam.

Ynset is no ûnder oare om mei de gemeente Tytsjerksteradiel ta in feilich yndustryterrein te kommen, want neffens Van Kammen is dat no net it gefal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)