Motorrider komt om nei botsing mei auto by Earnewâld
10 april 2016, 14:41 • 1 minút lêstiid
Op de Feantersdyk by Earnewâld is sneintemiddei by in oanriding in motorrider ferûngelokke. De motorrider kaam yn botsing mei in auto. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.