Auto rekket yn de sleat yn Drachten

10 apr 2016 - 12:35

Op De Knobben yn Drachten is sneintemoarn om 11 oere hinne in auto yn in sleat bedarre. De bestjoerder rekke yn in bocht de macht oer it stjoer kwyt. Hy rekke twa beammen, wêrnei't de auto yn in sleat ta stilstân kaam.

De auto rekke swier skansearre. Der bruts ûnder oare in eftertsjil ôf. Der rekke net ien ferwûne by it ûngelok.

Trefwurden: 
Drachten auto sleat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)