Man ferdronken by de haven fan Lauwerseach

© De Vries Media
Yn de haven fan Lauwerseach is sneontejûn in 60-jierrige man ferdronken. It giet om in opfarrende fan in fiskersboat. Syn kollega's koene him net fine en doe't se ien fan syn skuon yn it wetter driuwen seagen, warskôgen se de helptsjinsten. Dy ha in sykaksje opset.
Efkes letter waard it lichem fan de man fûn. De plysje ûndersiket hoe't de man yn it wetter rekke is.