VC Snits en Set-Up '65 stride om de Nederlânske titel

09 apr 2016 - 22:02

De follybalsters fan Snits hawwe harren sneontejûn as earste fersekere fan de striid om it kampioenskip fan Nederlân. Zwolle waard yn de Snitser sporthal mei 3-0 ferslein. De tsjinstanner yn dy finale is Set-Up '65 út Ootmarsum.

Snits begûn net skerp oan de earste set. Earst by in stân fan 18-18 pakten de froulju de earste foarsprong fan de jûn en joegen dy net mear út hannen: 25-23. De twadde set begûn enerzjyk mei in 4-0 foarsprong. Snits bliuw foar en pakte de set úteinlik mei 25-20. De tredde set waard oertsjûgjend wûn mei 25-15.

Troch de winst komme de Snitser follybalsters mei 26 punten út tsien wedstriden op it earste plak yn de kampioenspûl en binne se fersekere fan thúsfoardiel. De ploech fan trainster Petra Groenland hopet op snein 17 april de earste wedstriid yn de finale yn eigen hal te spyljen.

Yn de kompetysje en yn de krekt spile kampioenspûl ha Snits en Set-Up '65 elkoar dit seizoen no fjouwer kear troffen. Beide ploegen wûnen har thúswedstriden. Snits wûn thús mei 3-1 en 3-2, Set-Up '65 wûn beide kearen mei 3-2.

Nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Zwolle makke oanfierster Fenna Zeinstra bekend dat se foarearst har lêste wedstriden spylje sil. De 28-jierrige follybalster is swier fan har earste berntsje en is útrekkene yn oktober. Mei opnij in kampioenskip ôfskie nimme soe moai wêze.

Trefwurden: 
VC Snits follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)