"Otters mooglik ferdronken yn yllegale fûken"

Otter © Omrop Fryslân
De twa deade otters dy't ôfrûne wike fûn binne yn Nasjonaal Park De Alde Feanen en yn de Rottige Meenthe, binne mooglik ferdronken yn yllegale fûken. Dat seit it ynstitút Alterra, dat ûndersyk dien hat nei de deade otters. Der is seksje dien op de otters.
In wiidweidich ûndersyk wie net mooglik omdat de bisten al yn ûntbining wiene. Alterra seit dat de otters nei alle gedachten yn de fûken ferdronken binne. Earder sei otterssaakkundige Harrie Bosma al dat fiskstreupers mooglik ferantwurdlik binne foar de dea fan de otters.