Fryske súksessen op ONFK yn Drachten

ONFK 2016 © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Op de twadde dei fan de Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen (ONFK) hat De Bazuin Stynsgea ûnder lieding fan Jaap Musschenga sneon de earste priis wûn yn de tredde difyzje. Yn Drachten waarden se kampioen mei 93.33 punten. Twadde waard Tida Kira fan Muntsjesyl/Lauwerssyl mei 91 fan de 100 punten.
Yn de op ien nei heegste difyzje waard Wilhelmina fan Easterein kampioen. Dizze fanfare stiet ûnder lieding fan Pieter Bosma. Se behellen 91.33 fan de 100 punten. Twadde waard Constantia fan Menaam.
Jûns komt de heechste difyzje oan bar. Dit is te folgjen fia de livestream fan Omrop Fryslân. Se sette om 18:15 útein.