Drachtster Boys nei 6-2 ferlies by Excelsior '31 degradearre

Drachtster Boys © Omrop Fryslân
Drachtster Boys ferlear sneon mei 6-2 fan Excelsior '31 en is sadwaande degradearre út de haadklasse. Yn Rijssen kaam de ploech fan trainer Marius Hendriks nei 27 minuten op efterstân, mar Jan Stoker makke der 3 minuten letter 1-1 fan. Jordy Kailie sette de Drachtsters yn de 39e minút op foarsprong, mar foar it skoft kaam Excelsior wer op likense hichte. Nei rêst naam de thúsploech út Rijssen de lieding oer en rûn yn de slotfaze út nei in romme oerwinning.
Troch it ferlies bliuwe de Drachtsters stean op 6 punten út 22 wedstriden.