ONS Boso Snits ferspilet punten troch ferlies tsjin FC Lisse

ONS Boso Snits ferspile sneon djoere punten yn de striid tsjin degradaasje troch mei 2-1 te ferliezen fan de nûmer ien nei lêst FC Lisse. Yn Lisse moast it publyk lang wachtsje op de doelpunten. De ploech fan trainer Richard Karrenbelt kaam mei noch in kertier te spyljen op efterstân. Yn de slotminút wie it op 'e nij raak foar Lisse en stie de 2-0 op it boerd. Chris de Wagt soarge yn ekstra tiid foar de Snitser earetreffer.
Troch it ferlies bliuwt ONS Boso Snits stykjen op 27 punten út 26 wedstriden, goed foar it tolfde plak.