Fytster ferwûne by botsing mei auto yn Damwâld

09 apr 2016 - 16:42

By in ûngelok sneon yn de Conradi-Veenlandstrjitte yn Damwâld, is in 74-jierrige frou út dat plak slim ferwûne rekke. Se fytste fan it winkelsintrum yn de rjochting fan Rinsumageast. Doe't se linksôf gie, waard se ynhelle troch in 78-jierrige automobilist. Dy botste op har.

De frou foel. Se rekke ferwûne oan de holle en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. 

Trefwurden: 
ûngelok fytster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)