Aksje foar asylsikersgesin dat fêst sit

09 apr 2016 - 13:08
  • It azc yn Burgum

Aline Ndikumana út Boerûndy en har twa bern fan 4 en 6 jier moatte noch langer fêstsitte yn it detinsjesintrum yn Zeist. Ndikumana flechte sa'n 10 jier lyn nei Nederlân en wenne mei har bern yn it AZC yn Burgum. De famylje waard twa wiken lyn oppakt om't de regels rûn it bernepardon stranger wurden binne.

Tongersdei waard sein dat de húshâlding wer nei hûs mocht. Doe koe it COA net fuortendalik plak foar se fine. Freed is steatssekretaris Klaas Dijkhof yn heger berop gien tsjin de frijstelling, wertroch mem en bern dochs fêstsitten bliuwe.

Mirjam Deelstra út Burgum fiert mei twa oare froulju aksje om de famylje sa gau mooglik frij te krijgen. "Het is funest voor de kinderen. Ze snappen er niets van en weten niet waar ze aan toe zijn. Moeder Ndikumana is ook helemaal moegestreden." De froulju besykje de polityk yn te skeakeljen en hawwe help socht by Defence for Children.

It is noch net dúdlik wannear't mem en bern nei hús ta meie en oft se echt útset wurde sille of net.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)