Trije manlju oanhâlden foar hannel yn drugs yn Drachten

09 apr 2016 - 12:30

De plysje hat freedtejûn trije minsken oanhâlden foar de hannel yn drugs. Dit barde yn in hûs yn Drachten. Der wiene fertinkings dat der fanút de wenning hannele waard yn drugs. De arrestanten binne de 47-jierrige bewenner fan it hûs, in 48-jierrige man fan De Gordyk en in 34-jierrige man út Grins. Yn de wenning waard guod oantroffen dat neffens de plysje wiist op drugshannel.

Trefwurden: 
drugs plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)