Waadtoer moat fjouwer Fryske doarpen op 'e kaart sette

In nije toeristyske rûte moat fjouwer doarpen yn Noardeast-Fryslân bekender meitsje. It giet om Mitselwier, Peazens-Moddergat, Holwert en Ie. De saneamde Waadtoer is sneon iepene en moat toeristen dy't oars trochride soene, oerhelje om yn de doarpen te bliuwen. By bysûndere gebouwen binne buordjes mei ynformaasje delset en by toeristyske ynformaasjepunten yn de regio kinne toeristen folders krije. Ek op ynternet en yn in app is ynformaasje te finen oer de Waadtoer by de fjouwer doarpen del.