Bootcamp foar it leger fan Grutte Pier

09 apr 2016 - 11:28
  • It leger hurd oan it wurk by de bootcamp

De legindaryske Fryske frijheidsstrider Grutte Pier fan Kimswert en syn leger 'De Arumer Zwarte Hoop' komme yn in grutte iepenloftfoarstelling op 'e nij ta libben. Foar dizze foarstelling waarden freedtejûn tsientallen striders oplaat yn in earste bootcampsesje. De rekruten bestean út sterke, sûne manlju en froulju út Fryslân. Yn acht repetysjes moat it leger klear wêze foar in twa oeren duorjende striid op it dekôr fan Grutte Pier. De Arumer Zwarte Hoop sil úteinlik bestean út maksimaal 140 manlju en froulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)