Lieuwe Westra wol Parys-Roubaix foar it earst útride

09 apr 2016 - 10:47

Hurdfytser Lieuwe Westra fan 'e Tynje wol snein foar it earst yn syn karriêre de klassiker Parys-Roubaix útride. It is de tredde kear dat er oan de start stiet. De foarige kearen soargen falpartijen derfoar dat Westra foar de ein ôfstappe moast. De Fryske fytser út de Astana-ploech rydt snein yn tsjinst fan syn kopman Lars Boom. Dy is tige goed yn foarm, seit Westra. Mei Parys-Roubaix einiget in súksesfolle perioade fan Flaamske koersen. Lieuwe Westra wûn oardel wike lyn de Driedaagse fan de Panne. Dat wie syn grutte doel fan dizze maitiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)