Tytsjerksteradiel: "Wol goed kommunisearje oer AZC"

De gemeente Tytsjerksteradiel seit dat der wis wol goed kommunisearre is oer it asylsikerssintrum yn Burgum. Wethâlder Doede Fokkema fan Tytsjerksteradiel seit dat se om tafel sitten hawwe mei de ûndernimmers en dat se dêrnjonken ek brieven stjoerd hawwe.
Op ien fan de sportfjilden njonken it bedriuweterrein Burgum-West, komme ekstra wenunits foar asylsikers. Sa'n tweintich ûndernimmers dêr binne min te sprekken oer de hâlding fan de gemeente. Dêrom fiere se aksje by de dyk nei it asylsikerssintrum.
De lokaasje, de oanlis fan de diken mar ek hoe't de gemeente de plannen nei bûten brocht hat steane harren net oan. De ûndernimmers binne ûnder oaren benaud foar oerlêst en de ferkearsfeiligens. Op it bedriuweterrein wurdt in soad mei frachtweinen en shovels riden. De eangst is dat de asylsikers tenei massaal oer de dyk rinne en net goed oppasse. Dat soe gefaar opsmite kinne.
Moandei wurdt úteinset mei de tariedings foar de útwreiding. Wethâlder Fokkema giet der fanút dat de kontener foar moandei fuorthelle wurdt. Neffens him sil er dan ek wer iepen stean foar in petear. De gemeente sjocht noch nei de fyzjes dy't twa ûndernimmers yntsjinne hawwe.