Plysje en belestingtsjinst nimme 26 auto's yn beslach

© ANP XTRA
De plysje Ljouwert en de belestingtsjinst hawwe freedtemiddei by in kontrôle op de Drachtsterbrêge 26 auto's yn beslach naam. Alve dêrfan binne direkt ôffierd. De eigeners fan de oare auto's krigen dizze wer werom neidat se iepensteande rekkens of boeten betelle hienen.
De belestingtsjinst helle sa hast 34.000 euro binne. De plysje koe hast 5.000 euro oan boeten ophelje. Fierder naam de plysje in rydbewiis yn fan in automobilist en krigen twa oaren in proses-ferbaal om't se mear as 25 kilometer yn de oere te hurd rieden.
By de kontrôle makken plysje en belestingtsjinst gebrûk fan it ANPR-systeem, dat de kentekens fan auto's scand. Yn totaal binne hast 12.000 auto's sa kontrolearre.