V&D yn Ljouwert slút tiisdei definityf de doarren

08 apr 2016 - 21:18

De V&D yn Ljouwert slút tiisdei oan de ein fan dei definityf de doarren foar it winkeljend publyk. Dêrnei wurdt al it meubilêr noch ferkocht oan opkeapers. Doel is dat de winkel nije wike freed echt leech is, seit bedriuwslieder Auke-Henk Doornbosch. Dat wurdt neffens him noch in drege put.

It warehûs jout de kommende dagen ekstra koarting op it guod dat noch oer is. Sneon krije minsken 50 prosint koarting en dat rint begjin nije wike fierder op. V&D Ljouwert hat allinnich de ûnderste etaazje iepen, de oare etaazjes steane al leech.

V&D gong ein ferline jier fallyt en hâldt sûnt in pear wiken fallisemintsútferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)