Postsegels ta eare fan 100 jier Natuurmonumenten op Gryn

08 apr 2016 - 21:02

Dit jier is it 100 jier lyn dat Natuurmonumenten him foar it earst ynset hat foar it behâld fan de natuer op it ûnbewenne waadeilân Gryn. Freed binne fûgelwachters Date Lutterop en Giny Kasemir wer ôfset nei it eilân om te soargjen dat de tsientûzenen fûgels yn alle rêst de pykjes grutbringe kinne. Se sitte dan yn in lyts húske op peallen en komme moannen hast net bûten om de fûgels sa min mooglik te steuren.

Om it jubileum te fieren hat PostNL freed in spesjaal postsegelfel útjûn, mei dêrop tsien fûgels dy't op it eilân libje.

Under oare de klikstirns, berchein, reade skries en eiderein steane der op. De earste postsegels waarden oerlange oan de 'Heer van Griend', boargemaster Bert Wassink fan Skylge.

Unmisber

Neffens natuerbeskermingsorganisaasjes is it ûnbewenne waadeilân ûnmisber foar trek- en briedfûgels. Yn it briedseizoen lizze der hast 800 nêsten op in bunder lân. Safolle fûgels, yn sa'n lyts gebiet, dat sjogge je yn Nederlân fierders hast net, sizze de fûgelwachten.

De hûnderttûzen fûgels sykje yn it foar- en neijier nei fretten op it drûchfallen Waad rûnom Gryn. By heechwetter hawwe se op it eilân in feilich ûnderkommen. Yn it briedseizoen bringe se harren jongen grut.

Wetterpeil heger

It eilân Gryn driget ûnder te strûpen. It wetterpeil wurdt stadichoan heger, en de seestreamingen binne feroare sûnt de oanlis fan de Ofslútdyk. Om it eilân te rêden sil yn de neisimmer begûn wurde mei it opspuitsjen fan sân. Sa moat it eilân fersterke wurde. Ein april moat dúdlik wurde hokker bedriuw dat dwaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)