Multyfunksjonele skoalle feestlik iepene op Flylân

Op Flylân is freed it nije gebou fan de multyfunksjonele skoalle De Jutter offisjeel iepene troch deputearre Klaas Kielstra en boargemaster Tineke Schokker. Yn it gebou sit in basisskoalle, mar ek in vmbo-skoalle. Goed 120 bern krije der les. Njonken de skoallen sit der ek de biblioteek, de berne-opfang en it jongereinwurk yn it gebou.
Foar it eilân is sa'n nij skoalgebou fan grut belang, seit Jan Moorlag, dy't ferantwurdlik is foar it fuortset ûnderwiis op Flylân. Bern kinne sa oant it beheljen fan it vmbo-diploma op it eilân bliuwe.
"Met dit gebouw hebben we goud in handen", seit in grutske boargemaster Schokker. Deputearre Kielstra ropt op om it gebou net allinnich foar de eilanners te hâlden, mar ek beskikber te stellen foar toeristen.
It gebou is duorsum makke mei bygelyks sinnepanielen, led-ferljochting en it brûken fan reinwetter. Dêrmei draacht it by oan de ambysje fan Flylân om selsfoarsjennend te wurden op it mêd fan enerzjy en wetter. De gemeente Flylân wie opdrachtjouwer fan de bou, dy't 5,8 miljoen euro koste hat. De provinsje hat sa'n 850.000 euro bydroegen.