Westerener swimbad de Frosk bliuwt langer iepen

08 apr 2016 - 13:43

Swimbad de Frosk op De Westereen bliuwt oant en mei 8 maaie iepen, op de gebrûklike iepeningstiden. It swimbad is fallyt ferklearre, mar slút dus net fuortendaliks de doarren. Dat meldt kurator Wybe Mollema.

Minsken mei in al betelle abonnemint kinne dat noch brûke. Ek de swimlessen en it ôfswimmen kinne troch oant en mei 8 maaie. Fan 1 maaie ôf wurde der gjin abonneminten mear ferkocht. De kurator hopet dat hjirmei de meast akute problemen foar de ferskate ferieningen en swimklups earst oplost binne.

Takomst

Hy giet derfan út dat de Frosk fan moandei 9 maaie ôf foar koarte of langere tiid tichtgiet en miskien wol definityf slút. Oer de takomst fan it swimbad op langere termyn is neffens Mollema no noch neat te sizzen. De kurator ûndersiket de kommende wiken de mooglikheden fan in trochstart.

Op De Westereen binne se ferromme dat it swimbad yn alle gefallen oant 8 maaie iepenbliuwt.

Trefwurden: 
De Frosk De Westereen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)