Rentree Van den Berg giet ten koste fan Sam Larsson
Foppe de Haan is der noch net út hoe't hy syn alvetal snein fuotbalje lit tsjin AZ. De Fryske trainer twivelet oft hy Joey van den Berg in basisplak jout. Van den Berg is nei trije wedstriden skorsing wer beskikber. Freed trainde De Haan yn ferskate formaasjes, mei en sûnder Van den Berg op it middenfjild. Branco van den Boomen en Jeremiah St. Juste binne wis fan in plak op it middenfjild, foar de tredde posysje sil De Haan in kar meitsje tusken Van den Berg of Sam Larsson.