Nienhuis wer op goal by Cambuur

Leonard Nienhuis stiet sneon wer op goal by Cambuur. De keeper heakke ferline wike sneon yn de warming-up foar de wedstriid tsjin De Graafschap ôf mei in hamstringblessuere. Ut neier ûndersyk die bliken dat it allegear wat tafoel en Nienhuis hat sûnt tongersdei wer fol mei traind. Ek Vytas komt werom yn de basis yn de thúswedstriid tsjin Ajax. Cambuur-Ajax is de wedstriid tusken de nûmer lêst en de nûmer ien fan de kompetysje. Beide ploegen hawwe de punten hurd nedich. Cambuur hopet op in stunt tsjin Ajax.
Cambuur spilet yn de folgjende basisopstelling: Nienhuis, Vytas, Van der Laan, Lachman, Peersman; Bakker, Byrne, Van de Streek; Monteiro, Barto, Hoefdraad.