Frachtwein botst op auto yn Ljouwert; ien ferwûne

08 apr 2016 - 12:28

In automobiliste is freedtemoarn yn Ljouwert ferwûne rekke by in botsing mei in frachtwein. It ûngelok barde op de Aldlânsdyk. De frachtweinsjauffeur sei dat er de auto net sjoen hie troch de deade hoeke. Troch de botsing begong de auto om syn as te draaien, wêrnei't er yn de middenberm ta stilstân kaam.

De bestjoerster is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de oanriding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)