Solo-camperklup: Kontakten lizze en leuke dingen dwaan

De camperklup foar minsken dy't allinnich binne is noch altyd bot groeiende. Dit wykein komme 187 minsken mei harren camper nei camping It Wiid yn Earnewâld. De saneamde solo-klup, ûnderdiel fan de Nederlânske Kampearauto Club, is 21 jier lyn úteinset en telt no sa'n 500 leden.
De leden fan de solo-klup stiene eins op it punt om de camper te ferkeapjen, omdat se op de ien of oare wize allinnich oerbleaun binne. En der allinnich op út gean wie foar de measten gjin opsje.
It belangrykste doel fan de solo-klup is dan ek om kontakten te lizzen en mei elkoar dingen dwaan. Yn Earnewâld sille de dielnimmers ferskate ekskursjes dwaan en der is in spesjale feestjûn yn in tinte. Ek beslute dielnimmers oan it wykein faaks om mienskiplik oare reizen te ûndernimmen.