Plysjekontrôle by slûzen Koarnwertersân

De brêge by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De plysje sil de kommende tiid ekstra kontrolearje by de wurksumheden oan de A7 by Koarnwertersân. Dêr wurdt wurke oan it slûzekompleks. Om dat feilich dwaan te kinnen, binne der tydlike ferkearsmaatregels ynsteld.
Der mei noch mar 50 kilometer yn de oere riden wurde en somtiden kin it ferkear allinnich noch mar oer de noard- of de súdbaan. De plysje kontrolearret op snelheid en gedrach fan bestjoerders.