Oranjefroulju ûnder 19 sette grutte stap rjochting EK

07 apr 2016 - 22:03

It Nederlânsk frouljusfuotbalteam mei spilers ûnder de 19 wûn tongersdeitejûn mei 3-0 fan Wyt-Ruslân yn de EK-kwalifikaasje. Sisca Folkertsma fan Sleat wie opnij belangryk. Yn de earste helte makke se it iennichste doelpunt: 1-0. Nei it skoft skoarde Lysanne van der Wal fan SC Hearrenfean de 2-0. Nadine Noordam sette de einstân fan 3-0 op it boerd.

Folkertsma stiet yntusken al op in totaal fan fiif doelpunten yn it kwalifikaasjetoernoai. Tiisdei skoarde se al fjouwer kear tsjin Tsjechië, dat mei 7-2 ferslein waard.

Kopposysje

Nederlân giet no oan kop yn de pûl, dêr't ek Finlân noch yn sit. Dy is kommende snein de tsjinstanner. Nederlân hat dan oan in lykspul genôch om harren te pleatsen foar it EK.

Coach Jessica Torny is tefreden oer de winst. "Opnieuw een mooie overwinning en een heel goed resultaat. We staan er nu heel riant voor, maar zijn nog niet officieel geplaatst. Onze doelstelling is en blijft negen punten uit drie wedstrijden en tegen Finland zullen we hier vol voor gaan."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)